Alde state fûn yn Ljouwert
21:12
By de wurksumheden oan it Drachtsterplein yn Ljouwert binne resten weromfûn fan de âlde Abbingastate. It giet om parten fan de muorren en de damwand, mar ek om bygelyks potten en pannen.
De Abbingastate wie ien fan de foarnaamste huzen yn dit part fan Fryslân út de 15e ieu oant de sloop yn 1859. Doe moast de state plak meitsje foar in fabryk en úteinlik foar it Drachtsterplein.
Goed jier Vivens De Jouwer
20:30
ICT-bedriuw Vivens fan De Jouwer hat in poerbêst 2011 draaid. De omset gie mei hast 40 prosint omheech nei 4 miljoen euro. It is al foar it tredde jier dat de omset omheech giet.
Yn 2011 kamen ek tolve nije meiwurkers by it bedriuw, dat no wurk biedt oan 45 minsken. Dy sifers betsjutte dat Vivens ien fan de hurdst groeiende ICT-bedriuwen fan ús lân is.
Rianne Hofman (17) fermist
19:33
De 17-jierrige Rianne Hofman út Ljouwert wurdt sûnt woansdei 15 febrewaris fermist. Ferline wike freed hat se noch mei har heit belle, mar dêrnei is der neat mear fan har fernommen.
De plysje wol graach yn kontakt komme mei minsken dy't witte wêr't Rianne is of dy't har noch sjoen hawwe. De plysje kin belle wurde op 0900-8844 of op 0800-7000 as jo anonym bliuwe wolle.
Samsom wol Cohen opfolgje
18:42
PvdA-Twadde Keamerlid en âld Ljouwerter Diederik Samsom stelt him kandidaat as opfolger fan Job Cohen. Hy is dêrmei de twadde kandidaat foar it liederskip fan de PvdA. Fraksjegenoat Martijn van Dam stelde him earder woansdei as earste kandidaat foar dy posysje.
De 40-jierrige Samsom sit al njoggen jier yn de Twadde Keamer. Hy wol de partij nije enerzjy jaan en dy weromjaan oan it hert fan de mienskip, links fan de midden. Neffens Samsom moat de PvdA net hingjen bliuwe yn gestin oer de takomst, mar moatte der solidêre herfoarmings komme.
Nijbou Thialf net by Sportstêd
18:30
Der komt gjin nij Thialf by Sportstêd Hearrenfean, mar op de besteande lokaasje. Dat hawwe provinsjale steaten woansdei besletten. Der is keazen foar de saneamde 'fer-nijbou' fan it hjoeddeistige Thialf.
It kolleezje fan deputearre steaten wie foar nijbou by Sportstêd Hearrenfean, mar PvdA, FNP, GrienLinks, SP, ChristenUnie en de PVV stipen dat foarstel úteinlik net. Foar it foarstel wiene CDA, D66, VVD en Friese Koers. Op 5 maart moat de gemeenteried fan Hearrenfean beslute oer it foarstel.
Ekstra Hjoed oer Thialf
17:47
Woansdeitejûn is der in ekstra útstjoering fan Hjoed oer Thialf. Provinsjale Steaten hawwe in drege sit oer it beslút oer de takomst fan Thialf. Om healwei seizen wie de earste ronde fan Steatn en kolleezje fan Deputearre Steaten dien. Dêrnei waard de gearkomste skorst oant 18.15 oere.
Dan komme de steaten foar de twadde kear oan it wurd en dêrnei beantwurdet it kolleezje de fragen dy't der dan noch binne. It is spannend wat der besluten wurde sil: nijbou by Sportstad Hearrenfean of op it hjoeeddeistige plak of ferbou fan Thialf.
Ofskiedtsjinst Gerrit Ybema
15:40
Under grutte belangstelling is woansdei yn de Martinitsjerke fan Snits ôfskied naam fan âld-politikus Gerrit Ybema. Sprekkers wiene ûnder oaren kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma en partijgenoat Hayo Apotheker. Ek wie in soad muzyk útsocht troch Ybema sels. Under de gasten in protte D66-pommeranten lykas Jan Terlouw en Els Borst.
Gerrit Ybema is woansdeitemiddei te hôf brocht yn syn berteplak Longerhou. Hy stoar 15 febrewaris nei in slimme sykte. Hy is 66 jier wurden.
Fenna Feenstra beneamd
15:29
Fenna Feenstra fan Snits is woansdei beneamd as lid fan provinsjale steaten foar de SP. Se folget Maria de Vries-van der Mark op, dy't in pear wike lyn de SP-steatefraksje ferlitten hat. Sy wie it net iens mei de gong fan saken binnen de SP en benammen net mei de rol fan fraksjefoarsitter Jos van der Horst. Fenna Feenstra wurket as dosint en ûndersiker op it Hanze Ynstitút yn Assen. Dêrneist is se foarsitter fan de SP-ôfdieling yn Súdwest Fryslân.
Earste peal foar sloeperûte
15:16
De earste peal fan de nije sloeperûte ûnder it Drachtsterplein is slein. Dêrmei giet it wurk oan it Ljouwerter plein in nije faze yn. Earder binne benammen bulten sân opboud foar de lettere dykoanlis. Fan no ôf wurdt wurke oan ûnderdielen dy't sichtber meitsje hoe't it plein der út komt te sjen. Der wurdt ek wurke oan de fytstunnels. De oerlêst foar it ferkear soe tafalle om't der net folle heid hoecht te wurden.
Undersyk nei trek fisken
15:08
Der komt in nij grut ûndersyk nei hoefolle fisk besiket fan de Waadsee ôf Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân yn te kommen. Goed fyftich frijwilligers mjitte de kommende trije jier twa kear yn de wike hoefolle fisk fan see nei swiet wetter swimme wol. Dat gebeurt op 17 plakken wêrûnder Harns, Roptasyl, Swarte Haan en Lauwerseach. De kommende jierren wurdt in soad dien om it trekkende fisken makliker te meitsjen om op it binnenwetter te kommen. Om te sjen of it ek echt helpt, moat de situaasje wol goed yn kaart brocht wurde.
Kooistra jout FNV-leden dien
15:05
De direksje fan Kooistra's Kledinghuis hat de FNV-leden fan de filialen yn Appingedam en Winschoten ûntslein. Neffens de fakbûnen ha de meiwurkers dien krigen om't se in petysje ûndertekenen dêr't yn easke waard dat de direksje fan Kooistra him oan de CAO hâlde moat.
FNV-bestjoerder Gea Lotterman is poerrazend op de direksje en wol alle beskikbere middels ynsette om de ûntslaggen werom te draaien. Kooistra hat tsien kleansaken yn it noarden wêrfan fiif yn Fryslân. It haadkantoar fan it bedriuw sit yn Ljouwert.
Argewaasje oer Ljouwert 2018
15:01
Ljouwert 2018 is fan start gien en dat ropt argewaasje op by de VVD en it CDA yn de Ljouwerter ried. De gemeenteried, en ek de steaten, moatte it beslút noch nimme om mei te dwaan oan it projekt. Ek is noch mar de fraach hoefolle jild oft der is. Der is wol grien ljocht jûn om fierder te wurkjen oan de plannen. Mar de beide partijen fine it der fier by troch dat de kandidaatstelling fan Ljouwert no ek nei bûten ta yn folle gong is.
De VVD fynt dat sawol deputearre De Vries as ek boargemaster Crone in grut risiko nimme.
Lêsten SW-Fryslân wat heger
14:21
De lêsten foar de boargers yn Súdwest Fryslân geane mei sa'n twa prosint omheech. Elkenien krijt wat jild werom om't it opromjen fan it ôffal goedkeaper útpakte. Minsken betelje net folle minder ûnreplik guod belesting no't de WOZ-wearde fan in soad huzen in stik minder wurden is. Der is earder mei de gemeenteried ôfpraat hoefolle belesting oft der ophelle wurde moat en dêr wykt de gemeente net fan ôf.
GGZ betellet eigen bydrage
14:16
Pasjinten dy't fan maart ôf in behanneling by de GGZ yn Fryslân folgje, krije de helte fan de eigen bydrage werom. Foar in behanneling moat in eigen bydrage fan 200 euro betelle wurde. De GGZ kiest der foar om de helte fan dat bedrach werom te beteljen om de drompel foar in behanneling leger te meitsjen. Ut ûndersyk docht bliken dat wat earder mei in behanneling begûn wurdt, wat koarter dy duorret. De regeling jildt foar alle behannelingen dy't by de GGZ folge wurde.
Eask tsjin deariden frou
14:06
Tsjin de man (21) dy't yn febrewaris ferline jier op de rûnwei fan Dokkum in frou (60) dearied, is seis moanne selstraf easke. Twa moanne dêrfan binne ûnder betingst, mei in proeftiid fan twa jier. Ek soe er twa jier net autoride meie. De Dokkumer helle in auto yn en botste dêrby frontaal op de auto fan de frou, dy't fan de oare kant kaam. De frou ferstoar op it plak fan it ûngelok. De fertochte rekke net ferwûne. De útspraak is oer fjirtjin dagen.
Steaten beslute oer Thialf
13:01
Provinsjale Steaten beslute woansdei oer de takomst fan Thialf. Der binne trije opsjes: folsleine nijbou by it Abe Lenstrastadion, nijbou op de hjoeddeiske lokaasje of it opknappen fan it iisstadion. It kolleezje is ferdield. CDA wol folsleine nijbou
foar 100 miljoen euro by it stadion. PvdA en FNP wolle nijbou op de hjoeddeiske lokaasje, dat kostet 50 miljoen euro. It CDA wurdt stipe troch VVD en D66, mar it sjocht der nei út dat se gjin mearderheid yn de steaten krije.
Besunigings by SC Hearrenfean
12:32
SC Hearrenfean moat 300.000 euro besunigje op de ynterne organisaasje. Alle tydlike kontrakten wurde net ferlingd. Dat befêstiget Bart van der Meer fan de ried fan kommissarissen. Meiwurkers binne neffens him ein ferline jier ynljochte. Foarsitter Robert Veenstra seit yn in reaksje dat it net om 3 euroton giet, mar wol gjin eksakte sifers neame. Veenstra wol ek net sizze yn hoefier't in nije besunigingsronde de ynterne organisaasje rekket. Der wurdt noch oer praat mei de ûndernimmingsried.
Amelân wol De Hoop hâlde
12:26
De gemeenteried fan It Amelân wol dat Albert de Hoop ek de kommende seis jier boargemaster fan it eilân is. Dat hat de rie tiisdei yn in besletten gearkomste bepaald. Nije wike moandei wurdt dat beslút yn in iepenbiere gearkomste bekrêftige. De de minister fan Binnenlânske Saken moat dat beslút útfiere. De Hoop is sûnt seis jier boargemaster op it Amelân. Syn earste termyn rint 1 july ôf.
Merk Dokkum moat fernije
12:18
De merk yn Dokkum is ien fan de âldste merken fan Nederlân. Foar de takomst moat wol flink fernijd wurde. It tal besikers rint al jierren werom en benammen simmers binne in soad lege plakken op de merk. De ferantwurdlikheid foar de merk is oerdroegen fan de gemeente nei in aparte stifting. Sa kin de fernijingsslach makliker dien wurde.
Gjin teater mear yn De Colle
12:05
Teater de Colle yn Kollum hâldt op mei foarstellingen. Der komt te min publyk op ôf. De lêste foarstelling is 16 maart fan Tryater, It geheim fan de Kânselier. De boargemaster sprekt fan in ferskraling fan it kulturele oanbod yn Noardeast Fryslân. De Colle is neist teater ek in mienskipssintrum dêr't de biblioteek en de tsjerke romten fan brûke. Fierder is der noch in pachter yn aktyf. It sintrum kin ek sûnder de teaterfunksje gewoan troch gean.
|